wikipedia
frisia
ferdigigning
nr.23 en beskermje
ferjitte
wurd; poëzij ût Fryslân
GEFOEL VAN LOK
DO SOCHTEST FOAR MY HJOED
FAN DY MOAIE FINNEBLOMKES,
DE STÂLTJES FIERSTE
KOART, MAR OCH DAT HINDERT NET.
iK HA SE ÚT DYN LYTSE
WAARME HANTJES KRIGE,
GAU YN 'N BEHINDICH
FAASKE MEI WAT WETTER SET.
OP DAT STUIT BLOEIDE HIEL
DE WRÂLD FOAR MY WIID IEPEN.
IN DJIP GELOKSGEFOEL
TROCHSTREAMDE DOE MYN HERT.
SA'N AMERIJ IS MEI GJIN
GOUD EA TE BETELJEN,
MOMENTEN YN JINS LIBBEN
DY'T MEN NEA FERJIT.
ANNEKE V.D.WOUD-REIDING
SIMMER
OPTEINE TROMPETTEN
BLAZE REVEILLE
DISSONANTE SKADEN
WINE TEBEK
FOAR DE TRIOMFMARS
VAN HET LJOCHT
WRÂLD EN SINNE
TRUNE ELKOAR
TA DJIPKLEURIGE
FRIJAAZJES
DEIDREAMEND
ÛNDERGEANE
TERP EN DOARP
BETSJOENENDE
FARIAASJES
OP IN
HERTFERWAARMJEND
TEMA
FOLKERT VERBEEK
UT: TERPDOARPKWARTET
LOK
IN BERNTSJE RÛN IN
FLINTER NEI,
DY'T SITTEN GYNG OP ALLE
BLOMMEN;
MAR, TOCHT ÚS MAAT HIM
BENEI TE KOMMEN,
DÊR FLODDERE DE FLINTER
WER FLEURICH WEI.
MAR GJIN BELIES JOECH DAT
KRIGELE BERN:
'WIE 'T FAAK AL MIS', SA
TOCHT ER, 'LETTER
PAK IK DY, FLUGGE FLINDER,
WOL BETTER'-
HIJ TAASTE-DE REED WIE WER
FERLERN.
AL FIERDER EN HEGER DE
FLINDER FLEACH,
OER IN DJIPPE KÛLE ...
BOI SEACH YN 'E HICHTE,
MURK DE KÛLE NET- WAARD
WEI YN 'E LICHTE,
WYLST DY LOKJENDE FLINDER
DE LOFT YNTEACH.
SA BISTO, O LOK! WY
SKRIPPE OM DY,
WY HOOPJE OP DY ÛNDER
LÊST EN LIJEN
EN MIENE DY IENKEAR WOL TE
KRIJEN,
EN FERJIT' DÊR GRÊF FOAR
ÚS FUOTTEN BY,
EN FALLE DÊRYN!...MAR AL
WIE DAT SA NET:
AL MOCHT EK IENKEAR ÚS
TABEHEARRE,
WY SOENE DAT MOAIE LOK
BEDJERRE,
LYK AS 'T BERN, DAT IN
FLINTER YN HANNEN HET.
PITER JELLES TROELSTRA
(1860-1930)
UT: SAMLE FERSEN.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten