Frysk bloed tsjoch op! wol nou ris brûze en siede,
En bounzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fandíerde,
It Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Ompolske fan it hege sâlte wetter,
Fortroppe op in terp of stins,
Hien 'd'âlde Friezen yn de wrâld net,
Har lân en frijdom wie har winsk,
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Fij fan it jok fan stege, frjemde hearen,
Faek earm ek, mar dochs sterk en frij,
Stie d'âlde Fries stânfêst by syn menearen,
Hy wie in Fries, as Fries stoar hy,
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten